Airbus A380

Airbus A380


RolPassazjiersfleantúch
MakkerAirbus Groep (earder EADS)
Earste flecht27 april 2005
Yn tsjinst25 oktober 2007 by Singapore Airlines
Ut tsjinstn.f.t.
Tal makke254 (2003–2021)
Grutste brûkersEmiraten, Singapore Airlines, Lufthansa, Qantas
Priis it stik$ 428 miljoen (2015)

De Airbus A380 is in passazjiersfleantúch fan it Jeropeeske concern Airbus. It fleantúch hat twa ferdjippings oer de hiele lingte fan de romp en hat plak foar heechstens 853 passazjiers. Trochsneed kinne der 555 persoanen yn. De A380 is it grutste passazjiersfleantúch fan de wrâld; allinne it frachtfleantúch Antonov An-225 is grutter.

Airbus A380-800 op Ynternasjonale Lofthaven Addis Ababa Bole (2006)
Airbus A380-800
Trochsnee fan de A380 en de Boeing 747 ferlike
De A380 ferlike mei oare grutte fleantugen

De earste testflecht wie op 27 april 2005. Op 25 oktober 2007, makke de A380 syn earste kommersjële flecht. Yn tsjinst fan Singapore Airlines fleach de A380 doe fan Singapore nei Sydney. Dit wie ek de earste rûte dêr't mei in A380 in linetsjinst ûnderholden waard. Yn desimber 2014 hiene tolve loftfeartmaatskippijen meiïnoar 152 tastellen yn tsjinst.

Op 8 juny 2010 lâne der foar it earst in A380 op Brussels Airport (Zaventem).[1] In moanne letter, op 15 july, wie Lofthaven Skiphol oan bar.[2] By dy gelegenheid waard de technyske test fan it tastel ôfhannele.

Spesifikaasjes Airbus A380

  • Lingte: 72,7 m
  • Spanwiidte: 79,8 m
  • Hichte: 24,1 m
  • Ynterieurbreedte:
    • Haaddek: 6,58 m
    • Boppedek: 5,92 m
  • Fleugeloerflak: 845 m²
  • Maks. startgewicht: 560 ton
  • Gewicht leech: 361 ton
  • Brânstof maks.: 320.000 liter
  • Motors: 4 Rolls-Royce Trent 900
    of 4 Engine Alliance GP-7200
    • Driuwkrêft de motor: 311 kN/340 kN
  • Krúsfaasje: Mach 0,89 (1.090 km/o)
  • Maks. fleanberik: 15.700 km/10.400 km(mei maks. belading)
  • Tal passazjiers: 555 (3 klassen)
    of 853 passagiers (1 klasse)
  • Maks. lading: 150 ton

[3]

Bestellingen en leveringen

De Airbus A380, yndieling foar 519 passazjiers

Om út de kosten te kommen hie Airbus 420 tastellen ferkeapje moatten. Febrewaris 2019 makke Airbus buorkundich dat de ferkeap sa tsjinfalt dat de produksje yn 2021 staakt wurde sil [4]

Loftfeartmaatskippij/klantYn tsjinstBesteldOpsjesLevereMotors
Air Austral20142Engine Alliance GP7000
Air France200912210Engine Alliance GP7000
Amedeo201620
Asiana Airlines201462Rolls-Royce Trent 900
British Airways20131279Rolls-Royce Trent 900
China Southern Airlines201155Rolls-Royce Trent 900
Emirates200814060Engine Alliance GP7000
Etihad Airways20141052Engine Alliance GP7000
Korean Air20111010Engine Alliance GP7000
Lufthansa20101414Rolls-Royce Trent 900
Malaysia Airlines201266Rolls-Royce Trent 900
Qantas200820412Rolls-Royce Trent 900
Qatar Airways20141034Engine Alliance GP7000
Singapore Airlines200724119Rolls-Royce Trent 900
Thai Airways International201266Rolls-Royce Trent 900
Transaero Airlines20154Engine Alliance GP7000
Virgin Atlantic201866Rolls-Royce Trent 900
Oerheids-, saaklik of privégebrûk1
Anonime klant(en)10
Totaal31728159Op 30 april 2015

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: