Armeensk

Armeensk - (Հայերեն, Hayerēn) is de Yndo-Europeeske taal dy't yn Armeenje sprutsen wurdt troch de mearderheid fan de befolking. It tal sprekkers fan de taal op de wrâld bestiet út likernôch 6.7 miljoen minsken. De taal wurdt net allinnich yn Armeenje sprutsen, mar ek yn Nagorno-Karabakh en de Armeenske Diaspora, bygelyks yn Frankryk en de Feriene Steaten.

Armeensk
algemien
eigen nammeՀայերեն of Hayerēn
lânseigen ynArmeenje, Nagorno-Karabakh
tal sprekkers6.700.000
skriftArmenian alphabet[*]
taalbesibskip
taalfamyljeYndo-Jeropeeske taal
  • Armeensk

skrift = Armeensk alfabet

dialekten?
taalstatus
offisjele statusoffisjele taal
taalkoades
ISO 639-1hy
ISO 639-2arm
ISO 639-3hye

It Armeensk hat in eigen alfabet, ûntwikkele troch St. Mesrop Masjtots.

De taal foarmet in selsstannige tûke fan de Yndo-Jeropeeske taalfamylje en is de iennige noch libbene taal fan trije besibbe talen út de Aldheid. De oare twa, it Trasysk en het Frygysk, binne ferdwûn ûnder druk fan it Gryksk en it Latynsk.

Farianten fan it Armeensk:

  • Aldarmeensk of Klassyk Armeensk
  • Nijarmeensk
    • Eastarmeensk
    • Westarmeensk
🔥 Top keywords: