Bangkok

Bangkok (Taisk: กรุงเทพมหานคร, Krung Thep) is de haadstêd en teffens grutste stêd fan Tailân. De befolking fan de hiele agglomeraasje wurdt rûsd op sa'n 13-15 miljoen ynwenners. De stêd leit op de eastlike ouwer fan de Menam (Chao Phraya-rivier), ticht by de Golf fan Tailân.

Dit artikel is in stobbe oer plak en as gemeente‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Bangkok
Krung Thep Maha Nakhon
Krung Thep Maha Nakhon
Polityk
LânTailân
Sifers
Ynwennertal9.100.000 (2010)
Oerflakstêd 1.568,737 km²; metro 7.761,50 km²
Befolkingsticht.5801/ km²
Stêdekloft11.971.000-1542.36/km²
Oar
Stiftingas haadstêd
21 april 1782
TiidsôneUTC+7
Koördinaten
Offisjele webside
city.bangkok.go.th

Langste plaknamme

De folsleine seremoanjele namme fan Krung Thep is: Krung Thep Mahanakhon Amon Rattanakosin Mahinthara Ayuthaya Mahadilok Phop Noppharat Ratchathani Burirom Udomratchaniwet Mahasathan Amon Piman Awatan Sathit Sakkathattiya Witsanukam Prasit, Wat Phra Kaew

Dat betsjut:

'De stêd fan ingelen, de grutte stêd, it wenplak fan de Smaragdgriene Boeda, de ûntrochlitbere stêd (oars as Ayutthaya) fan de god Indra, de grutte haadstêd fan de wrâld dy't mei njoggen kostbere edelstiennen bejeftige is, de lokkige stêd, ryk oan in enoarm Keninklik Paleis dat liket op it himelske wenplak dêr't de reïncarnearre god regearet, in stêd dy't troch Indra jûn is en dy't troch Vishnukarn boud is'.

Krung Thep hat it wrâldrekord langste plaknamme.

Eveneminten

Oan 'e ein fan 'e hjerst wurdt yn Bangkok elts jier it Ynternasjonaal Filmfestival fan Bangkok holden.

Demografy

Bangkok hat in grut ferskaat oan befolkingsgroepen. Neist Tai út alle dielen fan it lân, wenje dêr in soad Sinezen, ymmigranten út Yndia en in protte expatriates.

DatumYnwennertal
1880255.000
1910365.000
1 april 1919437.294
15 july 1929713.384
23 maaie 1937890.453
25 april 19471.178.881
DatumYnwennertal
25 april 19602.136.435
1 april 19703.077.361
1 april 19804.697.071
1 april 19905.882.411
1 april 20006.320.174
1 jannewaris 20056.642.566
1 july 20078.160.522

Keppeling om utens

🔥 Top keywords: