Kolombo (stêd)

Kolombo (Singaleesk: කොළඹ; Tamyl: கொழும்பு; Ingelsk: Colombo) is de kommersjele haadstêd[1] en de grutste stêd fan Sry Lanka. De stêd is teffens de haadstêd fan de Westlike Provinsje en it distrikt Kolombo.

Kolombo
කොළඹ

கொழும்பு
Fan boppe lofts mei de klok mei: BOC Toer, stedsilhûet Kolombo, nochris (Gangaramaya Temple), nochris (Galle Face), Ald Parlemint, Stedssilhûet (Gangaramayatimpel), BOC Toer en WTC Twilling Toer, Independence Square, WTC Twilling Toer
Fan boppe lofts mei de klok mei: BOC Toer, stedsilhûet Kolombo, nochris (Gangaramaya Temple), nochris (Galle Face), Ald Parlemint, Stedssilhûet (Gangaramayatimpel), BOC Toer en WTC Twilling Toer, Independence Square, WTC Twilling Toer
Polityk
LânSry Lanka
ProvinsjeWest
DistriktKolombo
Sifers
Ynwennertal752.993 (2011)
Oerflak37,31 km²
Stêdekloft4.648.000
Hichte0 m
Oar
Tiidsône(UTC+5.30)
Koördinaten
Offisjele webside
(in) www.cmc.lk
Lizzing fan it distrikt Kolombo

Kolombo is in wichtige haven en hannelssintrum. It is in multikulturele stêd mei ûnder oaren Singalezen, Tamils, Sry Lankaanske Moaren en Maleizjers. Ferskate godstsjinsten binne dêr fertsjintwurdige, ûnder oaren it Boedisme, it Hindoeïsme, it Kristendom en de Islam.

Fanwege syn grutte haven en strategyske lizzing oan in wichtige east-west hannelsrûte wie Kolombo al 2000 foar Kristus ferneamd. Lykwols wie ie earst fan 1815 ôf de haadstêd fan it lân.

Oant 1982 wie Kolombo ek de sit fan it regear en parlemint, oant dy funksje oernaam waard troch de foarstêd Sry Jayewardenapura Kotte.

De gebouwen yn Kolombo bringe de tiid fan de Portugezen (16e iuw) en de Nederlanners (17e iuw) te binnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
🔥 Top keywords: