Oerein, ferflokten fan de ierde, Oerein, úthong’re rap en rút. It rike rosmos moat no bliede Syn poeha is glüpend út. Lit de takomst oer’t hjoeddelske blinke, Sloof en slaaf, oerein, oerein! d‘ Alde wráld dy moat fersinke, ‘n Nije tiid is ús tasein. (Refrein:)
Bliuw op koerts, net öfdwale, ‘t Doel is klear, ‘t paad leit sljocht. De Ynternasjonale Docht elkmis lyk en rjocht. De steat ferdrukt, de wet is leagen.
Rykdom skyt yn rykdoms pöt. It rjocht leit bleat foar wyn en weagen Fan it hearskjend wanbewäld. Mar dat ‘s út, it sil oarsom beteare, Rjocht krijt nimmen om ‘e nocht. d‘ Potentaat moat omstean leare: Wa’t syn plicht docht, dy hat rjocht. Ferwachtsje neat fan pommeranten,
Fan kening, god of presidint. Arbeiders – jimme! – set de spanten Fan it nije firmamint. d‘ Ierde gappet happend nei de siken, Gryp de käns, oars krij jim spyt. Weevje öf mei d‘ älde liken. Smei it izer, it is hyt. | Oerein! Unmachtigen fan ierde, Oerein! Wy binne't langer sêd, En forset jim tsjin hwat oaren liede, Mar kom har biwapene oer't mêd. Dien binn' alle ûnderdrukkingtinzen, Oerein nou, slaven fan't kaptael, Wy woll' libje yn ús eigen grinzen en brûke nou ús eigen tael. (Refrein:)
Maten fan alle talen, Yn de slach tsjin oerheit, En foar d'Ynternasjonale Yn solidariteit! De steat fordrukt, de wet es leagen,
De rikerts brûke it regear. Sa wurdt ûnrjoocht stees ta rjocht forhege, Earmoed waekst noch jimmer mear. Wy binne't sêd nei oarmans wil to libjen, Maten sjoch hoe't de striid oeral baernt. Foar in takomst sill' wy nou stribje Dy't de minske noch net aent. Foar oarloch litt' wy ús net brûke,
Wy hawwe sels in oar bilang, Wy kinn' sels ús eigen wein wol lûke En de hearskers meitsje ús net bang. Wy kinn' sels bitinke en kedize, Wy ha't waskjen fan ús brein wol troch. Wy sill' sels ús eigen maetskip kieze: Fan de âlde hawwe wy ús nocht. | Kom op, ferskopten dy't wy binne dy't wrotte op 't lan of yn 't fabryk. Wy, dy't allinne neat bigjinne, meitsje meiinoar de rekken lyk. Fierstemin noch hawwe wy te sizzen, en at wy 't al ha, yn oarminsk' tael. Ferdom it langer krûm te lizzen foar dat ferrekte kapitaal! (Refrein:)
Al fernimt men 't mar kwalik, Hjoed of moarn is 't sa fier Dat troch d'Ynternasjonale Wy minsk wêze kinn' hjir op ierd. Al fernimt men 't mar kwalik, Hjoed of moarn is 't sa fier. Dat troch d'ynternasjonale Wy minske binn' op ierd. | Wëz wach, jim dy't yet dildzje en slomje! Wëz ien, dy't langje nel it ljocht! Lit ta broerskip jim it hert forromje Yn de gläns, fen de striid ús brocht. Lit it nije libben ús trochstreame, Wel hwat ús oan nacht yet bynt: Al klearder priel't de tiId'ne seame Om't djip yn ús de dage skynt (Refrein:)
Maten, moed en bisieling, Yn de striid sterk en ien, De dei riist fen dy strieling, Oer alle folken gien! (bis) Nij witten ljochte for ús herten,
Wy brekke minsk'ne skiedings wel, Ut 'e tsjustre steapel fen de smerten Wekke ús wil ta it ljocht de Dei. Neat scil ús as frjemden mear fordiele, Hwent de striid hat ta ien ús wijd: Hwa't dër de swide krëft fen fiele Bin ienris en forgoed bifrijd, De minskheit ropt ús om to striden
For 't heechste langjen fen hjar hert: En it Ryk dal ljochtet oer ús tiden Bouwe wy nei hjar iiv'ge wet. Lit de driuw fen ljeafde den ús liede, En as broerren bistean wysels, En stiftsje yn striid en krêft fen dieden De mienskip, ien en lyk for elts! |